FNP wol ien stânpunt sâlt

07 sep 2011 - 21:51

De steatefraksje fan de FNP wol dat gemeenten, provinsje en bewenners fan Noardwest-Fryslân ienriedich nei it ryk ta oplûke tsjin de sâltwinning. Neffens de FNP docht út brieven bliken dat gemeenten yn it gebiet it net langer iens binne oer de sâltwinning. De fraksje fynt dat soks net sterk oerkomt yn de ûnderhannelingen mei de minister.

De fraksje wol dat de provinsje syn bêst docht om mei ien stânpunt te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)