FNP wol foarsitter steaten kieze

01 feb 2003 - 00:00

De FNP wol dat provinsjale steaten lykas de Twadde Keamer tenei harren eigen foarsitter kieze. FNP-listlûker Johannes Kramer sei dat freed yn Grou by de start fan 'e ferkiezingskampanje. Op dit stuit is Nijpels noch foarsitter fan 'e steaten. Mar yn it duale stelsel is it neffens Kramer better as in steatelid it foarsitterskip oernimt.

It is gjin krityk op Nijpels sels. De FNP wol dúdlik meitsje dat de steaten ûnôfhinklik binne fan it kolleezje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)