FNP wol ekstra jild foar Omrop

18 jul 2003 - 00:00

De FNP freget Deputearre Steaten yn aksje te kommen tsjin de ferwachte jildpine by Omrop Fryslân. Ofrûne wike waard dúdlik dat der de kommende jierren in tekoart driget fan 6,6 miljoen euro.

De FNP wol wite oft Deputearre Steaten op de hichte is fan dizze problemen. Fierder wol de partij dat it provinsjaal bestjoer de omrop yn de mjitte komt mei in subsydzje foar de dôve-ûndertiteling, dy't ferdwûn is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)