FNP wol eigen partijdichter

13 nov 2007 - 21:17
  • Willem Tjerkstra

It haadbestjoer fan de FNP wol Willem Tjerkstra fan Snits beneame as eigen partijdichter. Tjerkstra sil dan regelmjittich gedichten skriuwe oer saken binnen de partij en oer de polityk yn Fryslân.

Nije wike freed is de ledegearkomste fan de FNP. As de leden akkoart geane mei it foarstel foar in partijdichter sil Tjerkstra dêrnei syn earste FNP-gedicht foardrage.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)