FNP wol bettere ferdieling

29 nov 2010 - 22:41

De fraksje fan de FNP yn de gemeente Boarnsterhim wol in oare, en yn har eagen bettere, ferdieling fan de gemeente as dat it kolleezje no foarsteld hat. De partij fynt it wichtich dat sjoen wurdt nei draachflak fan ûnderen op.

Tiisdei sil de FNP dêrom foarstelle om bygelyks Terherne by de takomstige gemeente Fryske Marren yn te dielen. Dêrneist wol de partij dat Aldeboarn op grûn fan dúdlike arguminten fan it doarp by de gemeente Opsterlân komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)