FNP wiis mei dûbele plaknammen

02 maaie 2013 - 06:08
  • Snits

De FNP yn Súdwest-Fryslân is der wiis mei dat de gemeente de plaknammebuorden twatalich meitsje wol. Boargemaster en wethâlders wolle dat oeral yn de fúzjegemeente dûbeltalige buorden komme te stean.

De Nederlânske plaknamme komt boppe-oan te stean. No is it noch per plak ferskillend, omdat de eardere fiif gemeenten dêr't Súdwest-Fryslân út fuortkaam is, der ek ferskillende regels foar hiene. De FNP is bliid dat de buorden dûbeltalich wurde, mar hat wol leaver dat de Fryske plaknamme boppe-oan komt te stean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)