FNP: wetterskip moast suniger

27 nov 2009 - 16:05

Wetterskip Fryslân moat fiif prosint besunigje. Dat wol de FNP-fraksje yn it algemien bestjoer. De FNP is fernuvere oer de begrutting fan it wetterskip oer 2010. Se sjogge in tekoart fan 9,4 miljoen euro dat út de reserves oanfold wurdt. De FNP is dêr op tsjin. Yn stee dêrfan soe it wetterskip besunigje moatte.

De partij docht hjir ek foarstellen foar. Sa moatte wurken oer in langere perioade útsmard wurde en wurdt pleite foar in fakatuerestop.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)