FNP: ûndersyk trein nei Harns

23 maaie 2003 - 00:00

De FNP-fraksje fan Frjentsjerteradiel wol in ûndersyk nei it nut fan de spoarferbining Harns-Ljouwert. Yn it ûndersyk moatte kosten en opbringsten tsjin inoar ôfweacht wurde. As bliken docht dat bustsjinsten goedkeaper binne, dan kin de trein ferdwine, seit de FNP.

As de trein ferdwynt, hoecht der bygelyks gjin djoere tunnel ûnder it spoar oanlein te wurden om de rûnwei mooglik te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)