FNP tsjin Ronde van Nederland

13 aug 2002 - 00:00

It Ljouwerter FNP-riedslid Sybren Posthumus is der op tsjin dat Ljouwert 68.000 euro útlûkt foar de 'Ronde van Nederland', dy't op 20 augustus yn Ljouwert komt. Posthumus sil him ek net sjen litte yn it 'VIP-paviljoen'.

It evenemint sprekt Posthumus net oan. Hy soe leaver in 'Ronde van Fryslân' sjen, fan West-Fryslân oer Ljouwert rjochting East-Fryslân en Denemarken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)