FNP tsjin kabelwetterskybaan

04 aug 2014 - 15:48
  • FNP

De FNP-fraksje yn de gemeente Súdwest-Fryslân is tsjin de plannen foar in kabelwetterskybaan by rekreaasjegebiet De Potten by Offenwier. Neffens de fraksje is it gebiet populêr ûnder deirekreanten dy't in feilich plak sykje foar de bern. Yn sa'n gebiet past in skybaan net.

Riedslid Klaas Visser is bang dat de rekreanten in oar plak opsykje sille. Boppedat soe de skybaan dwers troch in farrûte foar kano's gean. Der binne neffens de fraksje bettere plakken foar in kabelwetterskybaan, lykas de Snitsermar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)