FNP tsjin drugsopfang Tunen

21 feb 2005 - 15:07

De FNP yn Ljouwert sjocht neat yn de plannen fan boargemaster en wethâlders fan dy gemeente foar in drugsopfang oan de Tunen. Neffens de partij is de Tunen earder tasein dat der by har gjin drugsopfang komt. De partij is benaud foar skeaklaims as de plannen fan boargemaster en wethâlders troch gean.

De FNP wol leaver foarsjennings foar drugsbrûkers konsintreare by de opfang oan de Sudergrêftswâl. Boargemaster en wethâlders wolle dy opfang krekt slute.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)