FNP: starterswenten yn doarpen

27 nov 2008 - 13:23

Yn alle doarpen yn Achtkarspelen moatte starterswenten boud wurde kinne. Dat fynt de riedsfraksje fan de FNP. De partij wol fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders witte wat it dwaan sil om dit mooglik te meitsjen.

De FNP wol fierder witte yn hokker doarpen no al bouripe grûn beskikber is foar starterswenningen. Mei dizze wenten hopet de FNP dat foaral de jongerein yn Achtkarspelen bliuwe kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)