FNP set fraachtekens by sponsoring gala's troch SNN

28 jan 2016 - 10:33

It Samenwerkingsverband Noord-Nederland moat net langer gala's en eveneminten sponsorje. It nije evenemintefûns fan it SNN dat dêrfoar bedoeld is, ropt fragen op by de FNP-steatefraksje.

It FNP wol in sobere en doelmjittige SNN-organisaasje. Gala's hearre dêr net by, benammen net yn tiden dat Fryske kulturele subsydzjepotsjes ôfskaft binne om't der gjin jild foar is en 26.000 Fryske húshâldens ûnder it sosjaal minimum libje. De FNP-fraksje wol witte wat de provinsje en de Fryske gemeenten oan it nije fûns meibetelje moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)