FNP rekkenet op winst

09 jan 2010 - 17:54

De Frysk Nasjonale Partij FNP sjocht de gemeenteriedsferkiezings fan maart dit jier mei betrouwen temjitte. De partij hat no noch fjouwerenfjirtich sitten yn gemeenterieden, mar wol útkomme op fyftich. It tal wethâlders moat fan fjouwer nei seis.

Neffens partijfoarsitter Nynke Beetstra kinne dy ambysjes prima helle wurde, omdat de partij stimmen lûke sil mei lokale spearpunten. Natuer, Fryske diken en it protest tsjin de weryndieling moatte de partij helpe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)