FNP: 'Rapport moat iepenbier'

05 des 2007 - 20:27

It rapport oer de boaiemdelgong yn Noard-West Fryslân moat fuortendaliks beskiber komme foar de leden fan de Provinsjale Steaten. Dat wol de FNP-steatefraksje. Deputearre Galema hat him yn de parse al útlitten oer saken dy't yn it rapport steane, wylst de steatenleden it rapport noch net krigen hawwe.

Mei de wet iepenbierheid fan bestjoer wol de fraksje de ynformaasje boppe tafel krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)