FNP: projektlieders te djoer

13 maaie 2007 - 14:59

Ynhierde wurkkrêften meie de provinsje net mear as 10.000 euro yn de moanne kostje. Dat fynt de FNP Steatefraksje yn reaksje op de djoere tydlike projektlieders en ynterimmanagers. Fraksjelieder Kramer hat DS om in reaksje op 'e saak frege.

De djoerbetelle projektlieder foar de nijbou fan it Provinsjehûs is okkerdeis opstapt. Kramer wol witte oft der al in nijenien is en oft dy ek sa'n heech salaris kriget.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)