FNP-petysje foar eigen KfK

07 nov 2013 - 12:12

De FNP hat in petysje lansearre foar in eigen Fryske Keamer fan Keaphannel yn Ljouwert. Riedslid Pier Tilma fan de Ljouwerter FNP wol dat it ûndernimmingsplein yn de stêd bliuwt.

Op dit stuit wurdt der bot reorganisearre by de Keamer fan Keaphannel. Lanlik bliuwe der fiif regio's oer. Yn it Noarden soe it ûndernimmersplein yn Grins komme. Tilma fynt dat der in oansprekpunt foar MKB-bedriuwen yn Ljouwert bliuwe moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)