FNP: "omkearde bewiislêst by mynbouskea"

19 apr 2015 - 11:17
  • Ierdbevings yn Grinslân soargje foar in soad skea

De FNP wol de omkearde bewiislêst by mynbouskea oan de oarder stelle yn it Europeesk Parlemint. In moasje dy't dêrfoar yntsjinne is, is op in byienkomst fan de Europeeske regionale partijen yn Dútslân, unanym oannaam.

It punt is hiel aktueel yn de Twadde Keamer troch de ierdbevingen yn Grinslân. Faak is it bewiis by mynbouskea hiel yngewikkeld en kostber. De kâns dat dupearren wat weromkrije, is lyts. De FNP wol dat de bewiislêst by de feroarsaker komt te lizzen, de grutte mynboumaatskippijen.

De partij wol dat dit Europeesk regele wurdt, sadat alle boargers en bedriuwen op deselde wize behannele wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)