FNP: noed besunigjen brânwacht

30 okt 2012 - 13:27
  • FNP

De FNP-fraksje yn de gemeente Hearrenfean kin har net fine yn de foarstelde besunigingen op de brânwacht. It kolleezje wol de kommende jierren jierliks in ton besunigje en net oergean ta it ferplicht stellen fan meldingsplicht fan frijwillige brânwachtlju by in alaarm op de kazerne. Neffens de FNP is de kâns grut dat de brânwacht dêrtroch net of te let yn aksje komt. De FNP fynt dat net besunige wurde mei op feiligens. De partij sil hjir tongersdei fragen oer stelle by de behanneling fan de begrutting yn de kommisje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)