FNP: No ôfspraken oer winning

04 feb 2014 - 16:10
  • Boareilân by It Oerd op It Amelân

De provinsje moat sa gau mooglik ôfspraken meitsjen mei it ryk oer gas- en sâltwinning yn Fryslân. In brief fan deputearre Poepjes oan minister Kamp fan Ekonomyske Saken is net genôch. Der moat mear aksje komme. Dat fynt de FNP-steatefraksje.

Minister Kamp hat okkerdeis op in parsekonferinsje yn Grinslân sein dat kompensaasje foar regio's lykas Fryslân apart besjoen wurde moat. De FNP fynt dat ek yn Fryslân de problemen mei gas- en sâltwinning yn kaart brocht wurde moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)