FNP net by ferkiezings Europa

26 feb 2004 - 00:00

De FNP docht 10 juny net mei oan de Europeeske ferkiezings. It haadbestjoer hat dat tiisdei besletten. De FNP is lid fan de EFA, de European Free Alliance, in ferbân fan 25 regionale partijen út de ferskate lidstaten.

Yn maart wurdt de EFA omfoarme ta in Europeeske politike partij dêr't de FNP lid fan wurdt. De FNP kin lykwols noch net ûnder de flagge fan de EFA meidwaan oan de ferkiezings. Dat wurdt pas yn de kommende Europeeske Grûnwet mooglik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)