FNP lilk oer stimwizer

05 feb 2010 - 06:52

De FNP yn Smellingerlân fynt dat de gemeente it Frysk net serieus nimt. De partij komt mei dy krityk omdat der fan de stimwizer foar de gemeenteriedsferkiezings gjin Fryske fersy makke wurdt. Dy stimwizer komt der krekt op inisjatyf fan de FNP.

Neffens de FNP wie der by de tarieding wol hieltyd sprake fan in Frysktalige fersy. Dat dy der net komt kin neffens de partij net oan de kosten lizze. In oersetting troch de Afûk soe noch gjin tachtich euro kostje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)