FNP lilk oer besletten gearkomst

28 sep 2003 - 00:00

De FNP fan Ljouwert is lilk op boargemaster en wethâlders. Dy hâlde in besletten ynformaasjegearkomste oer de plannen foar it gebiet Blitsaerd. De Frysk-Nasjonalen gean der net hinne en trune der by it kolleezje op oan de nije ynformaasje fan dy jûne sa gau mooglik iepenbier te meitsjen.

De FNP seit de hannen frijhâlde te wollen yn de beslútfoarming oer de ynfolling fan de Bullepolder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)