FNP: legere pachtprizen by duorsum boaiembehear

19 jan 2016 - 12:29

Boeren dy't de boaiem minder swier bewurkje, soene in legere pachtpriis oan de provinsje betelje moatte. Dat seit de FNP-fraksje. De maatregel soe in stimulâns wêze kinne foar duorsum boaiembehear.

Oanlieding foar de fraach binne berjochten oer weromrinnende fruchtberens fan de boaiem yn Flevolân. Dat soe komme troch djipploegjen, dongynjeksje en it brûken fan tefolle gemyske middels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)