FNP-Kneppelfreed by rjochtbank

26 sep 2014 - 08:30
  • Kneppelfreed by de rjochtbank fan Ljouwert

De FNP hat freed in Kneppelfreed 2.0-aksje hâlden by de rjochtbank. Dat hat te krijen mei de plannen om it kantoarpersoniel fan de rjochtbank yn Ljouwert te ferhúzjen nei Grins. Fertsjinwurdigers fan de FNP stiene freed by de rjochtbank oan it Saailân. De partij wol sa dúdlik meitsje dat de partij de aksjes fan it personiel foar it behâld fan de rjochtbank yn Ljouwert stipet.

De FNP praat mei de meiwurkers en dielt koekekneppels út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)