FNP: knap Julianapark op

06 maaie 2007 - 13:43

De FNP yn Ljouwert wol dat de gemeente mear wurk makket fan it behear fan it Julianapark yn Ljouwert. Ut de wyk Huzum komme klachten oer te min ûnderhâld. Dy klachten gean oer rotsoai yn 'e fivers, ôfbrutsen beamstammen en slim ferâldere bankjes.

In opknapbeurt fan it Julianapark fynt de FNP nedich. De partij stelt der moandei fragen oer oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)