FNP: kearnsintrale tsjinhâlde

15 des 2006 - 11:02

De gemeente Ljouwert moat net meiwurkje of meibetelje oan de bou fan in nije kearnsintrale troch Essent. Dat stelt de fraksje fan de FNP yn de gemeenteried fan Ljouwert.

De gemeente hat oandielen fan Essent en kin dêrmei ynfloed útoefenje op de beslútfoarming. Dêrom wol de partij dat de ried en B_en_W harren útsprekke tsjin de bou fan in kearnsintrale. Moandei wol de FNP in moasje yntsjinje oer de kwestje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)