FNP: 'Kado foar Fryske poppen'

24 sep 2006 - 12:02

De FNP wol foar elke poppe dy't tenei yn Fryslân berne wurdt, in wolkomstgeskink oanbiede oan de âlden. Yn dat geskink, in soarte fan fariant op de bekende 'blije doos', sit dan ynformaasje oer meartaligens en it belang dêrfan.

Johannes Kramer fan de FNP makke syn plan sneon bekend yn in taspraak by de betinking fan de Slach by Warns. Hy sil it idee ynkoarten foarlizze oan de Steaten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)