FNP It Hearrenfean: grûneigeners nij rioel gau útbetelje

11 aug 2015 - 11:18

De FNP fraksje fan It Hearrenfean fynt dat de gemeente haast meitsje moat mei it útbeteljen oan eigeners fan stikken grûn dy't brûkt binne foar de oanlis fan de riolearring yn it bûtengebiet. Dizze eigeners stelden harren grûn beskikber foar de oanlis fan in parselieding fan it rioel.

Mei it projekt is al yn 2008 begûn, mar guon eigeners wachtsje noch hieltiid op it jild dat harren troch de gemeente tasein is. Neffens de fraksje binne hjir wol redenen foar oan te wizen, mar wurdt it heech tiid dat de eigeners harren jild krije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)