FNP helpt houtrotdupearren

27 feb 2008 - 13:42

De provinsje is ferantwurdlik foar houtrot yn fundearrings fan huzen fan partikulieren. Dat fynt de FNP yn Provinsjale Steaten.

De provinsje wol dat de eigners de skea sels betelje. De FNP is it dêr net mei iens. De houtrot ûntstiet troch ferleging fan it wetterpeil. Dêr hat de provinsje opdracht foar jûn en dus moat de provinsje ta de beurs. Deputearre Schokker moat op 19 maart tekst en útlis jaan, fynt de partij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)