FNP: "Heak tichterby stêd"

18 feb 2006 - 14:11

De Heak om Ljouwert moat tichterby de stêd oanlein wurde en it gebiet by de Swette moat mear sparre wurde. Dat fynt de FNP. Leden fan de partij ha freed de hiele dei yn it gebiet west dêr't de heak komme moat, om te sjen hokker tûkelteammen der noch binne. Ferskate doarpsbelangen ha har ferteld oer har beswieren.

Steatelid van der Veen fynt it wichtich dat de belangen fan it plattelân net ûndersnije by dy fan de stêd Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)