FNP hat noed oer Jabikskrûd

03 aug 2004 - 16:28

De provinsje moat wat dwaan oan it Jabikskrûd yn bermen. De steatefraksje fan de FNP hat noed oer de gefolgen fan it krûd. It is skealik foar de lever en kin deadlik wêze foar hynders, kij en oar fee.

It krûd koe waakse om't de bermen noch net meand binne. Dat komt om't der rjochtsaken binne oer de oanbesteging fan it provinsjale meanwurk. De plant kaam hjir eartiids net foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)