FNP: gjin tydlike boargemasters

26 okt 2006 - 22:40

De FNP steatefraksje is min te sprekken oer it foarnimmen fan kommissaris Nijpels om inkeld noch mar ferfangende of tydlike boargemasters te beneamen yn Fryske gemeenten dy't gearwurkje mei oare gemeenten.

De FNP wiist der op dat it proses fan gemeentlike gearwurking fan ûnderop wei plakfine moat en dat gemeenten sels wol oanjaan kinne oft se in waarnimmer ha wolle. De FNP sil hjir oer in moasje yntsjinje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)