FNP: Fryslân autonoom

31 maaie 2013 - 21:36
  • FNP

Fryslân moat in autonome provinsje yn Nederlân wurde. Dat seit de nije foarsitter Ultsje Hoper fan 'e FNP. De partij wol dat Den Haach typysk provinsjale saken lykas sizzenskip oer lytse skoallen oan de provinsje oerdraacht. Boppedat moat Fryslân finansjeel mear profitearje fan eigen boaiemskatten lykas de gaswinning.

De FNP fynt dat Den Haach Fryslân faak bongelje lit. Boppedat litte de lanlike partijen yn Fryslân it ek hieltyd faker ôfwitte yn Den Haach. Dêrom tsjut Hosper de FNP-partijkoers nochris ekstra oan.

Ultsje Hosper wie earder direkteur fan it Fryske Gea. Hy is sûnt freed de nije foarsitter fan de FNP. Der komme gemeentelike en provinsjale ferkiezings oan. Sadwaande wol Hosper foar it fuotljocht bringe wêr't de FNP as partij foar stiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)