FNP: fragen stiennen Nijstêd

25 feb 2007 - 16:08

De FNP yn Ljouwert wol fan de gemeente witte hoe't it kin dat de Sineeske stiennen op de Nijstêd no wer los lizze. De partij fynt dat der in natuerstien-spesjalist ynhierd wurde moat om it probleem op te lossen.

Der binne al problemen mei de bestrjitting fan de Nijstêd sûnt de werynrjochting yn 1999. Sels strate yn beton blykt net foldwaande. De kommisje yn Ljouwert praat 5 maart oer de Sineeske stiennen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)