FNP-fragen oer Nij Saailân

09 feb 2009 - 09:45
  • De FNP hat fragen oer de bou fan it Nij Saailân

De FNP yn de gemeente Ljouwert stelt moandei fragen oan it kolleezje oer de relaasje tusken de opdrachtjouwer en opdrachtnimmer by de bou fan it Nij Saailân. Neffens de FNP hat bouwer BAM in belang yn boubehear IPMMC Vastgoed. De FNP freget him ôf oft dat de frije konkurrinsje by de gunning yn de wei stien hat.

Fierder wol de FNP ek witte op hokker wize de belangen fan de gemeente Ljouwert feilich steld binne yn it gearwurkingsferbân Nij Saailân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)