FNP: fleanbasis giet ticht

04 feb 2006 - 17:13

De fleanbasis yn Ljouwert driget yn 2010 te sluten. Dat seit de FNP yn Ljouwert op basis fan wat sy sels betroubere boarnen neame. Troch besunigings en de oankeap fan minder straaljagers soe de Luchtmacht minder romte nedich ha. Alle straaljagers soene op fleanbasis Volkel komme.

De FNP stelt hjiroer fragen oan it kolleezje fan b. en w. fan Ljouwert. De Luchtmacht neamt de útspraken grutte ûnsin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)