FNP fernuvere oer Middel

03 feb 2011 - 16:19

Boargemaster Middel fan Smellingerlân moat fan Achtkarspelen ôfbliuwe. Dat seit de FNP yn Achtkarspelen. De partij hat mei fernuvering en argewaasje de weblog fan Middel lêzen. Dy seit dêryn dat er mei boargemaster Van der Zwan fan Achtkarspelen praat hat oer in mooglike weryndieling.

Neffens Middel soene Surhústerfean en De Harkema oan Smellingerlân taheakke wurde moatte. Achtkarspelen wol leaver mei Tytsjersteradiel en Kollumerlân, seit de FNP.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)