FNP: ekstra gemaal by Iselmar

22 jan 2001 - 16:38

Der moat in ekstra gemaal by de Iselmar komme, seit de FNP-steatefraksje. De mar tsjinnet as opfangreservoir foar it hiele lân. Mear delslach en in hegere seespegel foarmje in reële bedriging.

De hege wetterstân kin min útpakke foar de ynwenners fan de Súdwesthoeke. It Woudagemaal en it Hooglandgemaal kinne it no al net altyd oan. In steatekommisje praat moandei oer de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)