FNP: Dyk moat gau klear

20 jan 2011 - 14:50

De FNP yn de gemeenteried fan Ljouwert wol dat it wurk oan de dyk tusken Wytgaard en Reduzum sa gau mooglik ôfmakke wurdt. Neffens de fraksje is de boppeste laach al moannenlang fan de dyk ôf. It ferkear soe der in soad oerlêst fan hawwe. Omwenners moatte somstiden kilometers omride en bedriuwen binne min te berikken.

Neffens de fraksje moat de oannimmer rap oanstjoerd wurde om it wurk dien te meitsjen en moat de gemeente útlis jaan oan de bewenners.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)