FNP: 'Dúdlikens oer oandielen'

19 jun 2006 - 09:59

De gemeente Ljouwert moat mear dúdlikens jaan oer de belangen dy't de gemeente hat yn bedriuwen lykas Omrin en Zuidlanden BV/CV. Dat wol de FNP yn de gemeenteried fan Ljouwert. De partij fynt dat se hielendal gjin ynsjoch krije yn de ferslaggen fan de oandielhâldersgearkomsten.

Ek lit de gemeente te min ynformaasje los, sa fynt de FNP. Yn de gemeenteried fan woansdei sil de partij oer dit ûnderwerp fragen stelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)