FNP docht Alvestêdetocht

22 feb 2003 - 00:00

Al wer in alternative Alvestêdetocht sneon. Dit kear in politike, want de FNP wie op kampanje foar de steateferkiezings en helle by alle stêden in stimpeltsje.

Mei in kampanjeauto gie listlûker Johannes Kramer op in paad, yn selskip fan partijgenoaten. Dit om noch safolle mooglik stimmen te winnen foar de ferkiezings op 11 maart. En dat is nedich, want ek sneon bliek dat de provinsjale polityk net bot libbet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)