FNP: doarpen moatte it belije

13 jun 2013 - 17:35
  • FNP

De FNP is benaud dat de finansjele problemen by de gemeente Hearrenfean benammen de doarpen bot reitsje sille. Tongersdei waard bekend dat Hearrenfean ûnder finansjeel tafersjoch fan de provinsje komt te stean om't de gemeente bot yn de skulden sit. It giet om in totaalbedrach fan goed 28 miljoen euro. Om dat fuort te wurkjen, moat de kommende jieren bot besunige wurde. Dat soe betsjutte dat dat in soad fan de plannen dy't de doarpen yntsjinne hawwe by de gemeente net trochgean kinne, neffens de FNP.

Dêrmei komme boargemaster en wethâlders eardere tasizzings net nei, sa fynt de partij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)