FNP: B&W moatte ynfo jaan

14 mrt 2011 - 11:12

De riedsfraksje fan FNP Boarnsterhim hat op 'e nij fragen steld oan it kolleezje oer it besikber stellen fan ynformaasje oan de ried. De FNP is net tefreden mei antwurden dy't se krigen op eardere fragen oer it ûnderwerp.

De FNP wol ûnder oare witte wêrom't der opholden is mei it beskikber stellen fan de iepenbiere, achterlizzende stikken dy't hearre by de beslutelisten fan it kolleezje. De FNP wol dat de stikken gewoan wer yn de lêskeamer op besjen komme te lizzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)