FNP bûten koälysje Frjentsjer

02 apr 2014 - 07:24
  • Gemeente Frjentsjerteradiel

De gemeente Frjentsjerteradiel krijt in koälysje dy't foarme wurdt troch Gemeentebelangen, CDA en PvdA. Dêrmei wurdt de FNP as grutte winner fan de ferkiezings bûten de koälysje hâlden.

Neffens ynformateur Douwe Kamstra fan Gemeentebelangen is der mei dizze partijen keazen foar erfaring en wissichheid. De kommende jierren moat foarm jûn wurde oan de weryndieling yn Noardwest-Fryslân. De trije koälysjepartijen stiene dêr yn it foartrajekt posityf yn, de FNP hie dêr in oare miening yn.

Der sil no fierder praten wurde oer de ferdieling fan de portefúljes oer de trije wethâlders. Dat binne de sittende wethâlders Bekkema fan GemeenteBelangen, Twerda fan de PvdA en nijkommer Caroline de Pee fan it CDA.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)