FNP Boarnsterhim kritysk

13 sep 2009 - 14:48
  • 'Ynwenners moatte sels kieze'

FNP Boarnsterhim is kritysk oer de beide rapporten dy't útkaam binne oer de takomst fan de gemeente. Ien fan de punten fan krityk is dat de gemeente no al opdield liket te wêzen ûnder omlizzende gemeenten. De FNP wol dat de ynwenners fan de doarpen sels kieze kinne wat foar har de takomst is.

De eksterne adviseurs wolle dat yn in pear moanne tiid besletten wurdt ta opheffing fan de gemeente. De FNP fynt dat fierste gau en wol earst in goeie analyze en ûnderbouwing sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)