FNP: 'Boaiem mei net mear sakje'

21 jun 2003 - 00:00

As de boaiem by Seisbierrum no al 35 sintimeter sakke is, dan moat it Kolleezje fan Duputearre Steaten nei Den Haach om der op oan te trunen de sâltwinning stop te setten. Dat seit FNP-steatelid Douwe Bylsma.

De grûn mei maksimaal 35 sintimeter sakje en as dat no al bard is, dan moat it ministearje fan Ekonomyske Saken ek de nije konsesje ynlûke. De FNP sil dit de earstkommende steategearkomste oan de oarder stelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)