FNP B'him wol 'open source'

29 okt 2010 - 10:55

De FNP yn Boarnsterhim tinkt dat dy gemeente in ton besparje kin op de automatisearringskosten. De besparring kin neffens de partij helle wurde troch saneamde 'open source' kompjûterprogramma's te brûken dêr't gjin rjochten foar betelle hoege te wurden.

It kontrakt dat de gemeente no hat mei Microsoft kin dan opsein wurde. De FNP sil de besparring nije wike ynbringe yn de riedsgearkomste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)