FNP-bestjoer achter Van der Veen

24 feb 2006 - 16:49

It bestjoer fan de FNP yn Achtkarspelen nimt it de riedsleden Van Houten en Kloosterman bot kwea ôf dat sy foar de ferkiezings út de fraksje stapt binne. It bestjoer stiet achter fraksjelieder en listlûker Marten van der Veen.

Beide riedsleden binne ophâlden, omdat se net mear mei Van der Veen wurkje wolle. Dy soe te dominant wêze. De nûmer fiif op de nije list, Jan Benedictus út Boelensloane, wol ek net mei Van der Veen yn de nije fraksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)