FNP besoarge oer grûndelgong

15 sep 2008 - 10:19

De FNP wol dat it winnen fan gas en sâlt yn it kustgebiet fan Noardwest-Fryslân fuortendaliks stilset wurdt. De partij freget dat woansdei yn in debat yn de Provinsjale Steaten. De FNP makket har soargen oer de grûndelgong.

De FNP wol dat nije winnings net mear tastien wurde en dat besteande winnings op ´e nij besjoen wurde. De Twadde_Keamer moat ek fan de Fryske noed op de hichte brocht wurde, fynt de FNP.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)